File by Drachten nei ûngelok op de A7
Troch in iensidich ferkearsûngelok op de A7 hat moandeitemiddei foar it knooppunt Drachten-Sintrum in file stien. De file bestie út sa'n fjouwer kilometer stadichridend ferkear, yn de rjochting fan It Hearrenfean.

Troch noch ûnbekende oarsaak bedarre in automobilist yn de middenberm. Ien rydstripe wie ticht.
In ambulânse hat de bestjoerster fan de auto kontrolearre. Sy hoegde net nei it sikehûs.