Marco Dijkstra fan Ljouwert twadde op NK Veiligste Chauffeur

Marco Dijkstra fan Ljouwert is sneon twadde wurden op it NK Veiligste Chauffeur. Dat waard holden op it TT sirkwy en yn de binnenstêd fan Assen. De titel gie nei Martin Kolff út Dirksland. Ferline jier wie Kolff twadde achter Johannes Ritsma.
It NK feilichste sjauffeur
De frachtweinsjauffeurs yn Assen moasten in rydfeardigenstest dwaan yn it sintrum fan de stêd. Op it TT-sirkwy wie der in stress-test, wêrby't ûnder oare de fitheid fan de dielnimmers besjoen waard. Ek moasten sjauffeurs sjen litte dat se harren frachtwein op elk momint ûnder kontrôle hiene, ek by hiel min romte of by it stekken fan in ring mei in pin oan de kabine.