Marrit Zeinstra twadde op ynternasjonaal Wallball toernoai yn Valencia

Keatser Marrit Zeinstra is op in ynternasjonaal Wallball toernoai twadde wurden. Yn it Spaanske Valencia ferlear se yn de finale fan Europeesk kampioen Mar Gimenez. It waard 25-22 en 25-14.
© Omrop Fryslân
Zeinstra makke yndruk op it toernoai yn Valencia. Sa wûn se sneon al har pûlwedstriiden. Ek Patri Espinar (regearjend wrâldkampioen) koe it net oprêde tsjin Zeinstra. Yn de heale finale wûn se dêrnei fan Paola Reyes út Mexico.
It toernoai yn Spanje is in wedstriid wêrby't de bêste acht wallball-spilers fan de ynternasjonale bûn CIJB útnûge binne. Dat neame se de Elite World. Der wiene dielnimmers út Argentinië, Spanje, België, Italië en Meksiko.
Ek Harmse Siegersma by de froulju en Kees van der Schoot by de manlju diene mei, mar sy waarden útskeakele yn de pûlfaze.