Boargemaster Van der Zwan stiet achter maatregel stadionferbod by noardlike derby

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean stiet hielendal achter de maatregel om guon supporters in stadionferbod te jaan. By de noardlike derby tusken SC Hearrenfean en FC Groningen, sneintemiddei, komme gjin sfearaksjes fan Nieuw Noord om't dy groep in tydlik stadionferbod krigen hat.
© www.orange-pictues.nl
Dat ferbod ha se neffens him krigen nei oanlieding fan it negearjen fan in rûtebeskriuwing rjochting it stadion fan VVV Venlo.
Op sneon 28 septimber ried neffens Van der Zwan in groep fan 31 minsken yn seis bussen nei Venlo. "Laat het duidelijk zijn, het gaat hier om ervaren supporters. Die weten hoe het werkt." De seis buskes rieden nei it sintrum fan Venlo. "En daar komen ze volgens de politie en de autoriteiten in Venlo, want daar horen wij dit van, terecht bij het café van de harde kern van VVV Venlo. Dat kan geen toeval zijn. Daar heb je niks te zoeken."
Net alle buskes komme yn it sintrum oan. "Eén busje heeft kunnen bewijzen via Google Maps dat ze een andere route hebben genomen. Wij hebben reden om aan te nemen dat dat klopt en deze zeven supporters zijn zondag gewoon welkom."
Foar de oare 24 jildt dat net. "Dat is jammer, maar zo zijn de regels. Zijn hebben daar niks te zoeken." Boppedat, sa is Van der Zwan ynljochte, is it net bleaun by in besite oan it sintrum. "Er is daar iets gebeurd. Wat weet ik niet precies, maar dit is genoeg reden om de stadionverboden op te leggen."

Neffens Van der Zwan is dit de gewoane gong fan saken, dêr't de gemeente, KNVB, Iepenbier Ministearje en sportklup Hearrenfean achter steane. "De handtekening van Cees Roozemond (foarsitter SC Hearrenfean, red.) staat ook onder dit besluit."
Supportersferiening NieuwNoord hâldt dus gjin sfearaksje: "Dat is natuurlijk jammer, maar daar gaan wij niet over."