Brânwacht oproppen foar brantsje yn Fries Scheepvaartmuseum yn Snits

De brânwacht is sneon oan de ein fan de moarn oproppen foar in brantsje by it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits. Dêr kaam oan de achterkant reek út it gebou.
Brânwacht yn aksje by it skipfeartmuseum © Kappers Media
It die bliken dat de reek út it fentilaasjesysteem kaam, dêr wie in motor fêstrûn.
De brânwacht skaalde út foarsoarch op nei in middelbrân, sadat der mear helpferliening beskikber wie. De brânwacht koe nei in healoere werom nei de kazerne.