Twadde edysje Alvestêde-ultrarin mei in jier útsteld

De twadde edysje fan de Alvestêde-ultrarin oer 230 km is mei in jier útsteld: fan takom jier nei 2021. Reden is dat de hurdrinwedstryd dan better yn de ultrakalinder past. De bedoeling is dat de Alvestêde-ultrarin op pinkstersneon hâlden wurde sil, mei start en finish yn Boalsert.
Alvestêde-ultrarin yn 2018 © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Oarspronklik wie it doel om de ultrarin lâns de Alvestêden om de twa jier te organisearjen. De earste edysje fan de Alvestêde-ultrarin wie yn maaie 2018.
It is in inisjatyf fan ultrarinners Silvio Teunissen út Boalsert en Klaas van Heeringen út Hurdegaryp. Beide manlju diene sels ek mei oan de earste edysje. De winst gie nei de Amsterdammer Rombout Breedveld yn krekt wat mear as 22 oeren. It dielnimmersfjild by de earste edysje bestie út sa'n 40 atleten.
Bylden fan de Alvestêde-ultrarin yn 2018: