FIDEO: Carien Kleibeuker kin it net litte om de izers wer ûnder te binen
Se wie der eins mei opholden, mar sneon stie sy 'gewoan' wer oan de start by de earste reedrydmaraton fan it seizoen yn Amsterdam: Carien Kleibeuker. De 41-jierrige reedrydster, dy't yn 2014 Olympysk brûns wûn op de 5 kilometer, koe it net litte om har izers wer om te binen en dus wie it beslút om op te hâlden net sa definityf as it like.