Nederlân wint EK kuorbal ûnder de 21 yn Tsjechië
It Nederlânske kuorbalteam ûnder de 21 jier is yn Tsjechië Europeesk kampioen wurden. Se wûnen sneon yn de EK-finale mei 21-12 fan België. Yn de seleksje sitte LDODK-spilers Julian Frieswijk en Eline Haan.
Bylden fan de finale tusken Nederlân en België:
Oranje begûn net geweldich oan de wedstriid yn Prostejov. De stân nei it earste kwart wie 4-4. Healwei it twadde kwart rûn Nederlân út nei 11-6.
Dat ferskil konsolidearre Nederlân yn it tredde kwart, want mei 14-9 wie de foarsprong noch hieltyd fiif treffers. Yn it lêste kwart waard it net mear spannend. LDODK-spilers Frieswijk en Haan bleaune de hiele wedstriid op de bank.

Rûte nei de finale
Nederlân hie yn de pûlfaze al wûn fan Ingelân, gastlân Tsjechië en Kataloanië. Yn de heale finale wie Nederlân mei 36-10 te sterk foar Dútslân.