'Meast duorsume skip fan Nederlân' doopt yn Ljouwert

Mear as hûndert jier nei de bou is yn Ljouwert it skip De Vooruitgang opnij doopt. Earder wie it in frachtskip, dat ûnder oare tsiis transportearre. No moat it de meast duorsume fergaderlokaasje fan Nederlân wurde.
© Susan Janssen-Jouwsma
It skip is opnij opboud yn opdracht fan Jorrit en Susan Janssen-Jouwsma út Akkrum. "Daarbij hebben we rekening gehouden met alle facetten van circulair en duurzaam bouwen. De aandrijving is elektrisch, de energie wordt opgewekt met zonnepanelen, en zelfs de herkomst van het servies en de theedoeken hebben we onderzocht", seit Susan Janssen-Jouwsma.

Sjuery is ûnder de yndruk

De eigeners binne der tige wiis mei dat it skip in plak krigen hat yn de duorsume top 100 fan deiblêd Trouw. De sjuery wie ûnder de yndruk fan it ynnovative karakter fan it projekt. "Iets dat je in de scheepvaart zelden tegenkomt", skriuwt de sjuery.
© eigen foto
Under de nije namme 'De Vooruitgang' wolle de eigeners it skip ferhiere as duorsume lokaasje foar gearkomsten. "Je kunt opstappen waar je wilt, zolang het maar binnen Noord-Nederland blijft. Anders gaat de missie van ons verhaal verloren."