Noarden wol bettere spoarferbining: "Nu lijkt er geen wereld boven Zwolle"

Provinsjale Steaten fan Fryslân, Grinslân en Drinte wolle letter dit jier in moasje yntsjinje wêryn't brede stipe útsprutsen wurdt foar de komst fan in Lelyline, in spoartrajekt fan Grins oer Drachten en It Hearrenfean nei Flevolân en Amsterdam. Steateleden út de trije noardlike provinsjes ha dêroer ôfspraken makke.
© lelylijn.eu
De trije Steaten ha allegear in ôffurdiging yn it noardlik Steateberied. Dat is in nij, net offisjeel oerlisorgaan, wêryn't njoggen Steateleden út Fryslân, Grinslân en Drinte prate oer ûntjouwingen dy't de trije provinsjes oangean.
It meast konkrete dêr't no oan wurke wurdt is in moasje wêryn't de Steaten har útsprekke oer foarse ferbetteringen oan de besteande spoarferbining tusken it Noarden en de Rânestêd. Ek wurdt pleite foar in grutte nije ynvestearring, lykas de oanlis fan in Lelyline.

Berikberheid op de kaart

"We willen de bereikbaarheid van het noorden breder op de kaart zetten", seit it Grinslanner Steatelid Arjen Nolles (GroenLinks), ien fan de leden fan it Statenberaad. Under oare Johan Tjalsma fan it CDA sit der foar Fryslân yn. Neffens Nolles is Zwolle no in grut knyppunt. Falt dêr in trein út of binne der problemen oan it spoar, dan is Noard-Nederlân mei de trein hast net mear te berikken.
it foarstelde trajekt fan de Lelylijn © eigen foto
It Drintske Steatelid Bart van Dekken (CDA) jout oan dat in sprekbeurt fan de eardere ProRail-bestjoerder Pier Eringa de grutte trigger wie: "Hij noemde voorbeelden om het spoor naar het Noorden fors te optimaliseren, maar gaf ook aan dat er mogelijkheden zijn voor andere spoorverbindingen."
Foar de trije provinsjes moat it in 'en-en'-diskusje wurde: én de besteande spoarferbinings ferbetterje mei in ambisjeuzere doelstelling as in rappere intercity tusken Grins en Amsterdam, én de oanlis fan nije spoarferbinings lykas de Lelyline. Der moatte sa mear spoarknooppunten komme as Zwolle allinnich.

Yn it spoar fan VNO-NCW

"Als je naar de huidige spoorambities kijkt, lijkt het alsof er geen wereld is boven Zwolle", seit Van Dekken. "We willen een goede ambitie formuleren, ook omdat er in Brussel aandacht is voor dergelijke spoorverbindingen." De trije provinsjes heakje dêrby oan op de lobby fan Hans de Boer, foarman fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. Hy pleitet al langer foar de komst fan de Lelyline dy't Amsterdam en Grins better mei inoar ferbine moatte.
Mar foar't it safier is, moatte de trije provinsjes noch wol de goede foarm kieze, seit CDA-Steatelid Johan Tjalsma. "Wy ha as Steateberied gjin offisjele status. We moatte dus no goed besjen hoe't we dit mei-inoar organisearje."
As it oan Van Dekken leit, komme de trije Noardlike Steaten gau mei in moasje, it leafst al yn novimber.