Boerinne Anja Jenema út Follegea sit ek op de trekker. "We sitte no by Lelystêd en it rydt wol troch, we ride no 41 kilometer." Se neamt de sfear grandioas. "Minsken binne entûsjast. We stienen earst op it fiadukt, dat wie in moai momint, mar op in stuit binne we der ek tusken gien, de stoet wie sa lang, der kaam gjin ein oan."
Se docht mei om sjen te litten dat it sa net langer kin. "Ik hoopje dat dit in stientsje bydraacht." Se fynt it wol spitich, dat it allegear sa moat. Der binne ek aardich wat caravans mei yn de stoet. Boeren binne fan doel om te oernachtsjen. Sels sil se wol werom, want it wurk giet ek troch.
Boerinne Anja op de trekker