Earste klimaatprotest yn Ljouwert: "Boeren en wij willen hetzelfde"

Goed 100 minsken ha freed meidien oan it earste klimaatmars yn Ljouwert yn it ramt fan Fridays For Future. Alle freeds binne oer de hiele wrâld protesten foar bettere maatregels tsjin klimaatferoaring. No heart Ljouwert dêr ek by.
Klimaatprotest
Jonathan Sander heart by de organisaasje fan Fridays For Future Leeuwarden. Hy studearret sûnt dit jier yn de Fryske haadstêd. "Maar ik studeer aan Van Hall en dat is een heel duurzame hogeschool. Ik vroeg me af waarom de beweging hier nog niet is. Dus ik dacht: dan starten wij nu de beweging. Dat hebben we in september gedaan."
Op oare plakken is Fridays For Future in bekend fenomeen. Dat wie hjir oars, fernaam Sander. "Verwarrend, want ook in Duitsland is dat veel bekender. Maar wat heel leuk is: we begonnen met drie en nu zijn we al met twintig mensen die actief organiseren."

'Klimaataktivisten en boeren wolle itselde'

Tagelyk mei de klimaatmars wie op in oar plak yn de stêd in boereprotest. Neffens Sander wolle beide partijen yn prinsipe itselde: "Zonder de boeren hebben we geen voedsel. Maar als het klimaat en milieu niet meespeelt, komen we in een crisis. Dan kunnen de boeren niet veilig en goed voedsel voor iedereen produceren. Daarom heeft de wereld klimaatactivisten nodig en dat zijn wij."
En dus gong de mars fan de klimaataktivisten gewoan troch, ek al wiene de boeren yn de stêd om te protestearjen. "Boeren en wij zijn geen tegenstanders. Dat lijkt misschien zo, maar de boeren en wij willen hetzelfde. We willen met iedereen in gesprek. Dat is alleen hoe we het op kunnen lossen."

Speech fan de iuw

Ien fan de dielnimmers oan de mars is al 50 jier dwaande op it mêd fan klimaatprotesten. "Ik word voor wereldverbeteraar versleten. Ik denk aan onze kleinkinderen, want onze jeugd verdient een nobele toekomst." Hy is bliid mei Greta Thunberg, de Sweedske lieder fan de klimaatbeweging. "Haar inspanning is geweldig. Ze hield de speech van de eeuw."