Iepenloftspul Snakkerbuorren bringt nij stik fan Sietse de Vries

Iepenloftspul Snakkerbuorren spilet takom jier Galgen, in stik fan sjoernalist/skriuwer én Snakkerbuorster Sietse de Vries. It spesjaal foar Snakkerbuorren skreaune stik giet oer in famyljebedriuw dat him al fjouwer generaasje taleit op de produksje fan heechweardige galgen.
© Omrop Fryslân
Galgen (bretels) is in swarte komeedzje dy't him ôfspilet op de dagen foarôfgeand oan de begraffenis fan Bouke Helfrich, de âld-direkteur fan 'Helfrich Galgen', dy't op tachtichjierrige leeftiid stoarn is.
By de tariedingen komt in oantal ûnferwachte saken oan it ljocht dêr't net ien fan 'e famyljeleden bliid mei is. De trije bern fan Bouke Helfrich komme foar de fraach te stean wat se dêr by de plechtichheid oer nei bûten bringe sille.
Karin Idzenga docht de regy. De foarstellingen binne yn juny 2020.
Dit jier spilen se it stik Fan mûzen en mannen yn Snakkerbuorren.