Aksje fan gemeente en plysje yn Ljouwert, garaazjeboksen wurde trochsocht

De gemeente Ljouwert en de plysje binne op dit stuit dwaande mei in grutte aksje op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert. Der wurde 90 garaazjeboksen trochsocht. De gemeente krige fanút de omjouwing te hearren dat it benammen jûns drok is op it terrein.
© Kappers Media
It ûndersyk is benammen rjochte op de bou-regeljouwing en it bestimmingsplan. Der wurdt ek kontrolearre op eventuele himpkwekerijen, yllegale prostitúsje en oare strafbere feiten. "Het is vooral 's avonds druk geven mensen in de omgeving aan. Het gaat dan misschien om illegale bewoning of criminele activiteiten", seit in wurdfierder fan de gemeente.

Nije slotten

De eigeners fan de garaazjeboksen binne op it lêste momint ynformearre. Nei it trochsykjen fan de romten wurde nije slotten pleatst en kinne de eigeners by it plysjeburo de nije kaai ôfhelje.

Trije kear yllegale bewenning

De plysje jout oan dat der mei de kontrôle trije kear in gefal fan yllegale bewenning oantroffen is.