GrienLinks stelt fragen oer oertrêdingen op bedriuweterrein Haskerveen

De Steatefraksje fan GrienLinks stelt fragen oer wat der no krekt op bedriuweterrein Haskerveen op It Hearrenfean geande is. Dêr sitte ûnder oare ôffalbedriuw Omrin en metaalbedriuw De Horne. Dat lêste bedriuw is al fan augustus ôf yn it nijs om't dêr hege konsintraasjes fan ferskate stoffen frijkommen binne. Stofdieltsjes mei swiere metalen wiene oerwaaid nei it terrein fan Omrin, njonken de metaalhannel.
Metaalhannel De Horne op bedriuweterrein Haskerveen © Google Street View
GrienLinks stelt dat de kommunikaasje tusken de provinsje, Wetterskip Fryslân, de FUMO, GGD, Omrin en gemeente Hearrenfean earnstich tekoart sjitten hat. Sa wie gemeente Hearrenfean net op de hichte fan de hege kadmiumkonsintraasjes yn it ôffalwetter. De minne kommunikaasje soe in struktureel probleem wêze, dêrom wol de fraksje no witte hokker maatregels oft der nommen wurde.

Is it wol wis?

Neffens Omrin en it Wetterskip soe De Horne ferantwurdlik wêze foar oertrêdingen, fersmoarging en stofwolken. Mar neffens de FUMO is dat noch net hielendal wis, hoewol't wol dúdlik is dat De Horne ferskate oertrêdingen dien hat. Dêrom wol GrienLinks no wolris útslútsel.

Meiwurkers

Ek wol GrienLinks witte oft de sûnens meiwurkers fan De Horne en Omrin gefaar rûn hat troch hege leadkonsintraasjes yn stofwolken. Dat waard ein septimber bekend, mar neffens de GGD soene der gjin risiko's wêze foar de sûnens fan minsken yn de buert. Neffens in ûndersyk fan buro Witteveen en Bos is it oannimlik dat dy by De Horne wei komme.
As lêste wol de partij ek witte oft der ekstra tafersjoch komt by Omrin, of dat inkeld De Horne rekkenje kin op strangere kontrôle.