Ungelok tusken twa auto's oan de Foarwurkerwei yn Bakkefean
Op de Foarwurkerwei yn Bakkefean binne tongersdei krekt foar fiif oere twa auto's mei-inoar yn botsing kwaam. It ûngelok soe bard wêze troch in foarrangsflater. De skea oan de auto's is grut, mar der rekke net ien ferwûne by it ûngelok. De auto's binne yntusken burgen.
