Issa Kallon docht tasizzing: earste goal komt deroan

SC Cambuur spilet freed tsjin Excelsior mei deselde alve spilers as ferline wike. Robin Maulun is noch altyd skorst en wurdt op 'e nij ferfongen troch Stanley Akoy. Trainer Henk de Jong kin fierder net beskikke oer Giovanni Korte, dy't moandei blessearre rekke by de wedstriid fan de beloften. Dêr stiet tsjinoer dat Jarchinio Antonia foar it earst nei syn blessuere by de seleksje sit.
Henk de Jong
As de Ljouwerters freed winne fan Excelsior en de konkurrinsje ferspilet punten, dan is de earste perioadetitel binnen. Dat soe in knappe prestaasje wêze, hielendal as je nei it swiere programma sjogge fan de earste searje. De Jong fernuveret him der net hiel bot oer: "Ast it foar it seizoen sjochst, dan is it wol ferrassend, mar eins nei in wike fernimst al dat de schwung yn de groep sit."
De spilers en technyske stêf dogge de saken dizze wike net oars as oars, nettsjinsteande dat der in perioadetitel pakt wurde kin. "We ha it der snein mei de jonges oer hân en ús ôffrege oft we it oars dwaan moatte. Dy seine: nee, gewoan normaal dwaan. As it gebeurt hawwe we in feestje, oars geane we gewoan sa troch", fertelt De Jong.
Issa Kallon
Tsjin Excelsior sil Cambuur wer ôfhinklik wêze fan de man yn foarm: Issa Kallon. Hy is in bloedfoarm de lêste wiken. De bûtenspiler joech al ferskate assists en fersierde ferline wike tsjin FC Volendam noch twa strafskoppen. Watfoar sifer soe hy syn prestaasjes fan de ôfrûne tiid jaan? "Een 7. Je moet ook niet te snel tevreden zijn, het kan altijd beter. Maar het gaat lekker. Ik krijg vertrouwen van de trainer."

Earste goal Kallon "komt eraan"

It iennige dêr't er noch tsjinoan hikket, is it meitsjen fan syn earste doelpunt fan it seizoen. Mar dêr sit Kallon net oer yn: "Die komt eraan."
© Orange Pictures
It duel tusken SC Cambuur en Excelsior begjint freedtejûn om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar. Yn de studio hâldt presintator Roelof de Vries de konkurrinsje fan Cambuur yn de gaten. De grutste konkurrint is NAC Breda en as dêr wat bart yn de wedstriid tsjin NEC, fertelt Fabian Eijkhout fan Omroep Brabant dat. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel.