Drinkeling komt om it libben boppe Skiermûntseach

By in ûngelok op in garnalekotter op de Noardsee boppe Skiermûntseach is tiisdeitemiddei in man om it libben kaam. De man sloech krekt nei healwei fiven oer board. Der waard fuortendaliks alaarm slein en helptsjinsten kamen manmachtich yn aksje. It giet om in 64-jierrige man út Usquert, meldt RTV Noord.
Sar helikopter © Shutterstock.com
Nei't de man út it wetter helle wie, is er reanimearre. Nettsjinsteande de rappe aksje kaam de medyske help lykwols te let foar it slachtoffer.