Boekewikegeskink ek wer yn it Frysk: 'oersetten al útgroeid ta in tradysje'
Der komt takom jier wer in Fryske oersetting fan it Nederlânske boekewikegeskink. De Ljouwerter skriuwster Annejet van der Zijl sil it boek skriuwe, Baukje Zijlstra sil it oersette.

It is de tredde kear dat it boekewikegeskink oerset wurdt yn it Frysk. Dat barde yn 2018 foar it earst, yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. De Fryske oersetting hat in beheinde oplage en is dêrom populêr as 'collectors item'.
'Personaazjes fertsjinje it'
Van der Zijl, dy't it geskink dus skriuwe sil yn it Nederlânsk, is bliid mei it nijs. "Het is een eer en heel fijn dat het Boekenweekgeschenk direct in het Fries wordt vertaald", seit de winneres fan de Gouden Ganzenveer. "Het is namelijk mijn wens dat het bijzondere waargebeurde liefdesverhaal waar ik nu de laatste hand aan leg, zoveel mogelijk lezers bereikt. Dat verdienen de personages."
Tradysje
Eveline Aendekerk is direkteur fan de boekestichting CPNB. Sy seit dat it hiel bysûnder is dat it oersetten nei it Frysk yn trije jier útgroeid is ta in tradysje. "Het laat zien hoe belangrijk het is om aan te sluiten bij de behoefte van lezers. Het geeft de Boekenweek voor Friese lezers een uniek en feestelijk tintje in de boekhandel!"
De 85e edysje fan de Boekewike is fan saterdei 7 maart oant en mei snein 15 maart. It tema is 'rebellen en dwerstinkers'.