Holwert oan See freget opnij jild fan it Ryk

De inisjatyfnimmers fan it projekt Holwert oan See freegje nochris 10 miljoen ekstra fan it Ryk. Dat soe komme moatte út de pot Programmatische Aanpak Grote Wateren. In eardere oanfraach dizze simmer út deselde pot waard ôfwiisd.
© Holwerd aan Zee
De inisjatyfnimmers binne de stichting Holwerd aan Zee, de waadferiening, de fûgelbeskerming en It Fryske Gea. Sy neame de ôfwizing fan it Ryk in 'miste kâns'.
Earder hat de ryksoerheid al fiif miljoen euro tasein. Fierder jouwe de provinsje, de gemeente Noardeast-Fryslân en de Nationale Postcode Loterij in bydrage.
It plan is om by Holwert in trochbraak yn de dyk te meitsjen. Dêrefter komt in slinke mei in kwelder te lizzen, mei kânsen foar de natuer en toerisme.