Drachtster Piet Fortuin nije foarman Vakcentrale CNV

Piet Fortuin fan Drachten is de nije foarsitter fan Vakcentrale CNV. De 60-jierrige Fortuin folget Arend van Wijngaarden op, dy't begjin takom jier mei pensjoen sil.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Neffens Van Wijngaarden is Fortuin in "gepassioneerde vakbondsman in hart en nieren." Fortuin sil him ynsette op de tema's lege leanen, hege wurkdruk en trochsketten fleksibilisearring. Hy wol in ein meitsje oan de hjoeddeistige gekte op de arbeidsmerk.
Der driget neffens Fortuin in nije ûnderklasse te ûntstean. "Twa miljoen minsken hawwe in ûnseker kontrakt en witte meastentiids net hoe't de ein fan de moanne finansjeel helje moatte."