Wethâlder Ter Keurs biedt ekskús oan foar fûle krityk op amtners

Wethâlder Eric ter Keurs fan de gemeente Smellingerlân sil tongersdei syn ekskús oanbiede nei't er fûle krityk hie op it amtlik apparaat fan de gemeente Smellingerlân. Ter Keurs skeat ôfrûne wike út syn slof by de riedsfergadering, dêr't praat waard oer it tariedingsbeslút Kringloopwinkel. Hy liet him tige negatyf út oer de amtners.
Wethâlder Ter Keurs biedt ekskús oan foar fûle krityk op amtners
De krityk fan de wethâlder skeat in oantal minsken yn it ferkearde kielsgat. Foar de ûndernimmingsried reden om in ynterne brief te stjoeren nei de gemeentesekretaris, dy't foarsitter is fan it kolleezje. Yn dit skriuwen waard ek noch sein dat de útspraken fan Ter Keurs net op himsels steane.

Iepenbier ekskús

Yn de riedsfergadering fan tiisdei moat de wethâlder djip troch it stof. Ter Keurs sil yn it iepenbier syn eksús oanbiede en syn beskuldigingen ynlûke. Dat lit boargemaster Jan Rijpstra yn in brief oan de meiwurkers fan de gemeente witte.
Ik heb echt moeite met het feit dat er hier een slecht stuk op tafel ligt en u zegt dat de ambtenaren niet goed geschoold zijn. U bent als wethouder verantwoordelijk.
Ron van der Leck, listlûker D66 Smellingerlân
Ter Keurs sei sels: "Het is niet voor niets dat dit college voorstelt aan de gemeenteraad om te investeren in de kwaliteit van het ambtelijk apparaat." Hy sjocht wol yn dat it net goed gien is. "Ik ben blij dat u de opvattingen van het college deelt dat de stukken van dit huis die uw kant op gaan niet de beste stukken zijn."
Ferslachjouwer Auke Wietze Bosma oer de kwestje
It gemeentehûs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De grutste partij fan Smellingerlân, de ELP, fynt alle kommoasje om wethâlder Ter Keurs hinne wat oerdreaun.