Wer miljoenetekoart Achtkarspelen op sosjaal domein

De gemeente Achtkarspelen hat noch hieltyd grutte tekoarten by it sosjaal domein. Oer 2019 jout de gemeente 2,3 miljoen euro te folle út, is de ferwachting.
It gemeentehûs fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In grut diel fan it tekoart krijt Achtkarspelen kompensearre troch it Ryk. Den Haag jout 1,7 miljoen euro. Dat betsjut dat der in gat fan sa'n seis ton oerbliuwt.
Ekstra útjeften yn de Wmo, it ferfier en de jeugdsoarch binne de grutste oarsaken fan de tekoarten. In jier lyn hie Achtkarspelen trije miljoen euro tekoart by it sosjaal domein.