ABN AMRO ferdwynt út Harns

It ABN AMRO kantoar yn Harns docht ein novimber de doarren definityf ticht. Neffens de bank komme der hieltyd minder klanten oer de flier, en dogge in soad minsken har banksaken online. De meiwurkers ferhûzje nei in oare festiging.
© Google Streetview
De sluting fan de ABN AMRO festiging yn Harns betsjut dat ynwenners fan de stêd, en de omjouwing, dalik nei Snits of Ljouwert ta moatte om har banksaken te regeljen. Wol jout de bank oan dat der genôch online opsjes binne om it ferlies fan de fysike bank op te fangen.
Foar âlderen is der in finansjele soarchcoach, dy't har helpe kin by de oerstap nei mobyl of online bankieren.
It bankpân dat oan de Foarstrjitte 17 oant 19 sit, sil ferkocht wurde.