Lêste Prinsjesdei foar Hans de Boer fan VNO-NCW: "Ynvestearje yn de takomst"

It Ryk moat gau ynvestearje yn de takomst fan Nederlân. Dat is de oprop fan skiedend foarsitter Hans de Boer fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. No't it kabinet safolle jild oerhâldt en je jild ta krije as je liene as oerheid, moatte je gau beslute oer de útfiering fan grutte projekten.
Lêste Prinsjesdei foar Hans de Boer
Ien fan de projekten dy't oanpakt wurde moat, is de oanlis fan in rappe spoarferbining nei it noarden, de Lelyline. Ek wol De Boer dat it spoar by Zwolle noch mear oanpakt wurdt.
Jild is der genôch, sa tinkt de foaroanman fan de wurkjouwers: der is in negative rinte. Dat betsjut dat je as oerheid jild krije as je liene. "Boppedat ha we de begrutting op oarder en dus moatte je no de kâns pakke."
De Boer is dan ek grut foarstanner fan it grutte ynvestearringsfûns dat it kabinet opsette wol: "Dat jild moat stutsen wurde yn de oanpak fan ús elektrisiteitsnetwurk. As je duorsumer wolle, moat dat fersterke wurde. Je moatte ek sjen nei kwantumtechnology. Dat is technology dy't kompjûters noch flugger makket. As je dêryn ynvestearje, meitsje je Nederlân klear foar de takomst."
De Boer fynt wol dat de ûndernimmers op it stuit wat yn de 'beklaagdenbank' sitte: "Der is op it stuit in soart fan populisme rjochte tsjin de ûndernimmers. Mar sûnder dy ûndernimmers leit de hiele boel op syn rêch."