Provinsje betellet mei oan skea troch wurksumens Sintrale As

De gemeente Dantumadiel en de provinsje hawwe mei elkoar yn petear west oer de fergoeding fan de skea dy't ûntstien is troch wurksumens oan de Sintrale As en rekonstruksjes dy't nedich binne troch slûpferkear ôfkomstich fan de Sintrale As. Dat meldt RTV NOF.
Provinsje betellet mei oan skea troch wurksumens Sintrale As
Op de Koailoane, Tsjerkeloane, Broekloane, Dammeloane en de Miedloane, dy't op ferskate plakken om de dyk hinne lizze, sille der rekonstruksjewurksumens plakfine. De provinsje hat dêr 350.000 euro foar beskikber steld.
De gemeenteried sil hjir letter noch mear ynformaasje oer krije fia in aparte advysnota. Dy wurdt ek meinaam yn it finansjele herstelplan. De wurksumens oan dizze diken hawwe in grut rekonstruktyf en ferkearskundich karakter.
De Sintrale As © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ien betingst dy't de provinsje lykwols stelt oan har beskikking, is dat de gemeente der minimaal deselde finansjele bydrage oan leveret. Dizze ko-finansiering nimt Dantumadiel mei yn it herstelplan.