Primeur: Nije single 'De Wâlden' fan Marcel Smit
Marcel Smit hat moandei syn nije single 'De Wâlden' presintearre yn De Middei fan Fryslân. Foar de klip, ek in primeur dy't foar it earst te sjen wie, wie de Fryske sjonger op syk nei de smûkste en de meast typyske plakjes yn De Wâlden.
NOCH dmff Marcel
"Ik bin al in skoft dwaande mei it nûmer dat ik oarspronklik makke ha foar Frisicana 2, de toernee mei Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. Mar ik ha it net sels skreaun, mar it is in bewurking fan Brent Cobb syn nûmer 'South of Atlanta' en dêr ha ik dus in Fryske tekst by makke oer de Wâlden. Ik ha fansels echt wat mei de omjouwing, want ik kom der sels wei."
Promoasje
De klip is in soarte fan promoasje fan de Wâlden. "Fansels is de hiele provinsje moai, mar in soad minsken ha wol in byld by de Wâlden, sels as ik yn Balk in nûmer oer De Westereen sjong. Sels wie ik ferrast troch in sânpaad tusken Eastermar en De Leien. Dêr hie ik noch noait west. Ast dêr rinst, dan tinkst echt fan wêrom soe ik noch op fakânsje gean, it is hjir ommers hartstikke moai."
Album
Smit is ek dwaande mei in nij album, mar dat hat wat fertraging oprûn. "Der kaam fan alles tuskentroch lykas it Kollumer iepenloftspul oer Salomon Levy." It nije album stiet no pland foar begjin takom jier. "Ik tink dat der earst noch in single komt en fierder wol ik fansels in soad spylje."
Watfoar nûmers kinne we ferwachtsje?
"Rêstige nûmers, der is sels ien mei in strykkwartet, mar ek wol in grappich nûmer lykas Omstekeard en nûmers mei in folky sound, mar ek mei elektryske gitaar en drums."
Fierder is er ek dwaande mei de tarieding fan in nije Frisicana toer. "Ik bin klear om te knallen!"