Trauma's kinne tenei ek yn it Frysk behannele wurde
Trauma's kinne fan no ôf ek yn it Frysk behannele wurde. De Vereniging EMDR Nederland (VEN) hat it protokol foar saneamde EMDR-terapy sûnt tiisdei ek yn it Frysk beskikber steld.

Psychoterapeut Rob Faltin út Ljouwert hat de terapy oerset nei it Frysk. Faltin is fan oarsprong in Frânsktalige Switser en hat him it Frysk eigenmakke. Hy behannelet minsken mei trauma's, mar ek mei eangst en twang. Dy behannelet er altyd al yn it Frysk as sy Frysktalich binne. "De measte minsken fiele harren better en mear ûntspannen as se yn de memmetaal prate kinne. Mar ik sjoch ek dat sy mear motivearre binne en dregere oefeningen oangeane", seit Faltin.
Hy rûn allinnich tsjin it probleem oan dat it oersetten fan it Nederlânsk nei it Frysk dreech wie. "Mei EMDR-terapy folgje wy in protokol wêrmei't it krekt komt hokker wurden wy brûke, dus do kinst net alles frij oersette." Dêrom hat Faltin mei minsken fan de Fryske Akademy om tafel sitten om alles sa goed as mooglik oer te setten, sadat it protokol noch wol hieltyd folge wurdt.
Psychoterapeut Rob Faltin oer de EMDR-terapy
Doe't er klear wie hat hy de ûntwikkelders fan de EMDR-terapy benadere. Dy hiene it protokol al beskikber yn it Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Dútsk en Turksk. "Harren reaksje wie hiel posityf. It waard ek gelyk op de webside set."
Faltin hopet no dat ek oare terapeuten út Fryslân syn protokol brûke sille.
Wat is EMDR?
EMDR stiet foar Eye Movement Desensitization and Reprocessing. It is in terapy dy't al jierren suksesfol jûn wurdt om ien fan syn of har trauma ôf te helpen. It hâldt yn dat je as kliïnt in byld oproppe fan it trauma. Dat byld hâlde je fêst wylst je nei bygelyks in bewegend lampke sjogge; dêrtroch sakje de spanning en emoasje en ferdwine de klachten.