'Tinne frou' fan Jan Ketelaar stiet hast neist 'dikke frou'

It twadde byld fan keunstner Jan Ketelaar dat op de dyk by Holwert komt is fan de wurkpleats yn Drachten ferhuze nei Mannen van Staal yn Ljouwert. Dêr wurdt se op in sokkel set. Op 16 septimber sil se dan lang om let by har freondinne komme te stean. Dêrmei is nei 9 jier it projekt Wachtsjen op Heech Wetter hielendal ôf.
Twadde byld Ketelaar klear
Jan Ketelaar is yn 2010 begûn mei it projekt. Yn gearwurking mei Joop Mulder fan Sense of Place waard it plan ûntwikkele om de froulju op de seedyk by Holwert in plak te jaan. Foardat it safier wie is der hiel wat wetter troch it Waad gien, fan heech nei leech wetter.
Ferline jier desimber kaam de grouwe frou te plak. Jierrenlang hat Ketelaar oan de bylden wurke mei wol in pear jier skoft. It projekt wie lang ûnwis en Ketelaar wie somtiden ek frustrearre oer de stadige gong fan saken, mar hy sette troch. Mei stipe fan Joop Mulder, de man dy't leaut yn it projekt dat ûnderdiel is fan it grutte Waadkustprojekt Sense of Place. Keunst en Natuer by inoar bringe is it doel.
De grouwe frou stiet foar de wolfeart. Se sjocht út oer it Waad rjochting It Amelân. De konfrontaasje mei de earmoede en honger komt der no by mei de tinne frou.
© Simone Scheffer
Jan Ketelaar hat oant tongersdeitejûn noch oan it wurk west om de frou ôf te meitsjen. De teannen binne sels noch wat moaier makke. Eins is it nea klear seit de keunstner, mar no is it momint om har los te litten nei al dy jierren.
De reaksjes op de 'dikke frou' hawwe him bliid makke. Hy hat sels brieven krigen mei kompliminten en ferhalen. Dêr hie hy wol op hope, mar dat it ek sa útwurket makket him grutsk.
It hurde en lange wurkjen hat in soad enerzjy koste, mar it hat it wurdich west fynt Ketelaar.
© Simone Scheffer
Joop Mulder wie freedtemoarn ek oanwêzich by it transport fan de tinne frou. Hy fynt it prachtich foar Ketelaar mar ek foar Sense of Place dat dit projekt slagge is. Neffens Mulder jout dit ek in boost oan oare plannen fan Sense of Place. De diken brekke figuerlik troch seit de grutske projektlieder.
Oerheden begjinne yn beweging te kommen en der liket romte foar mear projekten te kommen. It binne lange prosessen neffens Mulder, mar wachtsjen op heech wetter ferget geduld en trochsettingsfermogen. Jan Ketelaar stiet yn dy sin symboal foar it hiel proses fan Sense of Place.
Jan Ketelaar oer wachtsjen op heech wetter
© Simone Scheffer
Op 16 septimber wurdt de tinne frou njonken de dikke frou pleatst. Hoe't dat kwa byld útwurkje sil wit Ketelaar net. Hy hopet dat it like goed ûntfongen wurdt as de earste frou. It is konfrontearjender en krijt dêrtroch in oare betsjutting. Elk kin der mei dwaan wat hy of sy wol.
De dyktrochbraak komt in bytsje westlik fan it stânbyld fan Jan Ketelaar © Omrop Fryslân
Joop Mulder