Auto brânt oant de grûn ta ôf yn Damwâld

Oan de Willemstrjitte yn Damwâld is yn de nacht fan sneon op snein in auto folslein yn flammen opgien. De auto stie parkearre op in oprit doe't it fjoer ûntstie.
© ProNews
De brânwacht wie der rap by, mar koe de auto net mear rêde. It fehikel baarnde oant de grûn ta ôf. De eigener soe noch mar krekt thús west hawwe doe't de brân begûn.
De wenning hat ek lichte reekskea oprûn. In hûn dy't yn it pân oanwêzich wie, is dêr troch de brânwacht út helle. Hoe't it fjoer ûntstean koe, is noch net bekend.