Manon Scheepstra de bêste fan de froulju nei winst yn Bitgum

Serena Hovenga, Lotte Delgrosso en Manon Scheepstra ha de trochelkoarlotsjenpartij yn Bitgum wûn. Sy wiene yn de finale te sterk foar Andrea Kroes, Sigrid de Jong en Louise Krol. Manon Scheepstra wint dêrtroch ek it jierklassemint.
Manon Scheepstra
It partoer fan Serena Hovenga koe yn de finale op 5-3/6-2 de keats behâlde en sa de oerwinning oer de streek lûke.
Anne Monfils, Margriet Bakker en Hendrieke van der Schoot pakten de tredde priis troch mei 5-2/6-4 te winnen fan Ilse Tuinenga, Lobke Vlasbloem en Harmke Siegersma te winnen.

Jierklassemint

Manon Scheepstra is troch de oerwinning yn Bitgum de winner fan it jierklassemint. Foarôf wist se dat dat dreech wurde soe.
Dat it slagge hat se mei te tankjen oan Serena Hovenga en Lotte Delgrosso, seit se. "We hebben heel leuk gekaatst."

De bêste fan de froulju

"Ik kon lekker in een coachende rol gaan zitten", seit Scheepstra. "Het is hun eigen klasse, ze hebben echt goed gekaatst. En met positiviteit kom je heel ver."
It jierklassemint wie in belangryk doel foar har. "Dan kun je je de beste noemen van de dames, dat is iets dat iedereen denk ik wel wil."
Earder dit jier wûn Scheepstra de PC, mei Ilse Tuinenga en Sjanet Wijnia.