Syb: "Arjen Lubach special guest by jubileumkonsert De Kast? Leuk!"

Arjen Lubach is fan herte wolkom foar in gastoptreden op it jubileumkonsert fan De Kast, letter dit jier yn AFAS Live yn Amsterdam. Dat seit De Kast-sjonger Syb van der Ploeg.
© ANP
Yn 2001 waarden Arjen Lubach en Janine Abbring ferneamd as Slimme Schemer en Tido mei it parodyferske 'Jelle', op de melody fan Eminem syn 'Stan'. De Jelle yn it ferske wie grut leafhawwer fan De Kast en benammen fan sjonger Syb.
Dêr wie it management fan De Kast net bliid mei. Se hellen Lubach en Abbring foar de rjochter. Sy soene meilifte op it sukses fan De Kast en sels ynbrek meitsje op it auteursrjocht fan Van der Ploeg. Lubach en Abbring wûnen de saak en stienen in wike letter op nûmer trije yn de Top 40.
Nei't freed bekend waard dat De Kast it 30-jierrich jubileum fiert mei in konsert yn AFAS Live bea Lubach oan om mei Abbring in gastoptreden te jaan. Hy spruts foar Van der Ploeg in boadskip yn: "Een special act ben ik altijd voor in. En Slimme Schemer ook. En Janine ook. En Jelle ook. Gênant dit. Ik zie je in de AFAS Live. Doei!"
Boadskip fan Arjen Lubach oan Syb van der Ploeg
En Van der Ploeg sjocht it wol sitten. "It liket my hartstikke leuk dat wy dan it nûmer begeliede en dat sy dan sjonge."

Net bliid mei rjochtsaak

Achttjin jier nei de parody sjocht Van der Ploeg net mei ferfelende gefoelens werom op 'Jelle'. "It wie eins ek wol wer moai dat der in parody makke wurdt, want dan dogge je mei yn Nederlân. Us management besleat lykwols om der in rjochtsaak fan te meitsjen. As muzikant wiene we dêr hielendal net bliid mei. It eskalearre hielendal."
Van der Ploeg hat bewûndering foar Lubach, dy't nei 'Jelle' hieltyd ferneamder wurden is. "Sa'n jonge hat no in hiel soad sukses. Hy wie doe al grappich. De negative publisiteit wie foar ús doe lestich, mar it wie in grappich ferske."
Syb van der Ploeg oer it jubileumkonsert en oer Arjen Lubach