Fryslân Fêstlein: "Mei ús heit oan it wurk op de garnaleboat"

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear binne wy op besite by Jessica Post, dy't har fakânsje by har heit op it garnaleskip trochbringt.
Fryslân Fêstlein diel 17 Garnalenfiskje is echt fakânsje

Foto

"Op de foto sjochst myn broer en my", wiist Jessica entûsjast oan. "Wy binne oan it swimmen yn de fisknetten fan it garnaleskip fan ús heit. Dat wie fansels net hielendal legaal, mar wy fûnen it wol hartstikke leuk!"
De foto is achttjin jier lyn nommen, doe't Jessica noch mar seis jier wie. "Ja, ik gean al jierren mei ús heit mei op it garnaleskip. Eartiids gongen wy dan heechút in dei, omdat wy net langer mochten", hellet Jessica de oantinkens op. "Mar doe't wy wat âlder waarden, mochten we in hiele wike mei. Dat wie fansels folle moaier. Lekker sliepe en fakânsje fiere op de boat."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Mar as it moai waar is, dan doch ik eins net safolle mear hear. Eins bin ik in minne wurknimmer.
Jessica Post

Wurkje en fakânsje fiere

"It moaiste oan de wike op de boat is de rest dy't je hawwe", ferfolget Jessica har ferhaal. "Ik moat eins wol wat oan it wurk om ús heit mei in oantal dingen te stypjen, mar as it moai waar is dan doch ik net safolle mear hear. Dan lis ik lekker yn de sinne op it dek. Eins bin ik in minne wurknimmer", laket Jessica. "It moaiste oan dit wurk is de frijheid, mar ek de natuer en de omjouwing binne prachtich."
Jessica giet al safolle jier mei, mar fynt it farren noch altyd moai. "Eartiids lette ik eins net sa folle op de natuer, de fûgels of it wetter," wijst sy nei har foto. "No sjoch ik myn eagen eins út en fyn it folle spesjaler as doe. Dat is bêst wol nuver, want yn prinsipe is it noch itselde. Mar it docht my no gewoan folle mear."
De famylje fisket meastal yn de buert fan It Amelân. "Dan sjochst dy fjoertoer dêr stean, dat is altyd geweldich!"
Jessica Post oer har fakânsjefoto

Moaiste oantinken

"De moaiste oantinkens... dêr fregest my wol wat", tinkt Jessica djip nei. "Ik tink doch dat ik dan gean foar it feit dat ik altyd mei myn broer op de boat wie. Myn heit oan it farren en wy de garnalen útsykje", wiist sy fleurich nei de netten. "Dan fielde it echt as in famylje en ek fuortendaliks as in fakânsje. Dat die my altyd in protte."

Grutsk op ús heit

De broer fan Jessica sit no ek yn de fiskerij, wêrtroch't de famylje Post in echte fiskersfamylje is. "Ik bin echt grutsk op myn heit en broer", seit Jessica oertsjûgjend. "Sy wurkje hiel hurd om der wat fan te meitsjen en dogge altyd har bêst. Dêr ha ik sa'n bewûndering foar!"

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.