In keatswedstryd sûnder krânsen foar Sijbrandij of Tuinenga; Tineke Dijkstra wint

It partoer fan Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol hat sneintemiddei yn Wommels de Generale Frouljus PC wûn. Mei in einstân fan 5-1 en 6-4 wienen se te sterk foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. It wie de lêste wedstryd foar de Frouljus PC yn Weidum takom woansdei.
© Mattie Dijkstra
Dat it partoer fan Dijkstra wint, is bysûnder, want dit hiele keatsseizoen binne it de partoeren fan Nynke Sijbrandij en Ilse Tuinenga dy't de oerwinning op namme skriuwe.
Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra hellen de finale yn Wommels net. Yn de heale finale ferlearen se mei 5-2- en 6-6 fan Tuinenga-en-dy.