Hurdfytser Johan Knol út Bakkefean wint Ronde fan De Westereen

Hurdfytser Johan Knol fan Bakkefean hat sneontejûn de Ronde fan De Westereen op syn namme skreaun. Martijn Dijkstra fan De Knipe en Mark Prinsen fan It Hearrenfean kompletearren it poadium fan de troch de pleatslike feriening Otto Ebbens organisearre wedstriid.
© De Vries Media
By de froulju wûn Lieke Nooijen út Coevorden. Rose Kloese út Emmen en Willemijn Prins fan Zwolle einigen respektyflik op it twadde en it tredde plak. Bêste Friezinne wie Hedwig de Jong fan Feanwâlden op it sechde plak.
It wie de 38ste edysje fan de Ronde fan De Westereen. It parkoers gie troch de strjitten fan it doarp.