Ulbe Zwaga pakt twadde IFKS-oerwinning op rige op de Tsjûkemar

It skûtsje Waaksdom fan skipper Ulbe Zwaga hat tongersdeitemiddei de wedstriid fan de IFKS by Ychtenbrêge op syn namme skreaun. Op de Tsjûkemar wie Zwaga woansdei yn de ynhelwedstriid ek al de bêste; op dizze tongersdei pakte de skipper fan De Jouwer noch in oerwinning.
Ulbe Zwage en de Waaksdom © Martin de Jong Fotografie
Skipper Floriaan Zwart fan it Snitser skûtsje Ut en Thûs einige op flinke ôfstân as twadde by Ychtenbrêge. 't Swarte Wief fan Jaap Hofstee kaam as tredde oer de finish op de Tsjûkemar.

Zwaga: "Hielendal geweldich"

Skipper Ulbe Zwaga wie woansdei noch nochter oer syn oerwinning. In dei letter is hy út de skroeven. "As je twa kear earste wurde, nei sa'n wike, dat is moai", sa seit er.
"Wy rinne hurd. As it no lichter waar is, of mei mear wyn: beide kearen kinne wy it dwaan. It wie no hielendal geweldich, wy hiene alles yn 'e macht."
De finish fan de wedstriid fan tongersdei op de Tsjûkemar
De wedstriid op it wetter fan de Tsjûkemar stie yn it teken fan ferskate oanfarrings. Under mear de Emanuel, fan skipper Merijn Olsthoorn, kaam yn botsing mei Ut 'e Striid fan Gerrit Huisman. It gie ek hast mis troch in linke aksje fan Klaas Kuperus (Makkum). Hy gie te let troch de wyn en kaam hast yn botsing mei Ulbe Zwaga (De Jouwer).