Van Gerner net nei testtoernoai
Turnster Céline van Gerner docht sa goed as wis net mei oan it testevent yn London foar dielname oan de Olympyske Spelen.
De turnster fan de Hearrenfeanse turnskoalle is operearre oan in stikkene foet. Dy mei fjouwer oant seis wike perfoast net belêste wurde, sa seit bûnscoach Gerben Wiersma.