Skûtsje Sneker Pan hat roerklik werom: "Hy hie 'm freed al fûn"

De roerklik fan it SKS-skûtsje de Sneker Pan is wer terjochte. Skipper Jappie Visser en syn bemanning wiene 'm freed kwytrekke. Nei in petear op Omrop Fryslân Radio waard Visser belle troch de man dy't de roerklik fûn hat.
© Martin de Jong Fotografie
De Sneker Pan wie de roerklik ferlern nei in oanfarring by de start fan de lêste wedstriid om it SKS-kampioenskip op de Snitser Mar, ôfrûne freed. "It heart by it skip, it is sawat like-âld", sei Visser. Snein pleatste er in oprop op Facebook. Hy frege minsken om mei te sykjen. Om te farren is de roerklik net nedich, mar it ynstrumint hat grutte histoaryske wearde.
By Omrop Fryslân joech Visser taljochting: "It kin oeral hinne dreaun wêze mei de hurde wyn. We ha snein al oan it sykjen west by Terherne. Dêr ha we fan alles fûn, mar gjin roerklik."
Jappie Visser fertelt oer de fermissing fan de roerklik
Direkt nei't Visser syn ferhaal dien hie, krige er in ferlossend telefoantsje: de roerklik wie fûn. "De man dy't 'm fûn hat, komt út Hurdegaryp. Hy hat 'm freed al fûn, mar hy hie net yn de gaten dat we mei man en macht oan it sykjen wiene, dus hy liet it earst noch even gewurde. No't er my op de radio hearde, hat er kontakt opnaam."
Visser hat de roerklik noch net wer sjoen. "Dus ik bin der noch net 100% wis fan dat it 'm is, mar der stiet 'Sneker Pan', dus ik tink it wol. By myn witten binne we fierder neat kwytrekke nammentlik. Tiisdei sil ik 'm ophelje."

Freed kwytrekke

Visser en dy rekken de roerklik freed by de start fan de SKS-wedstriid op de Snitser Mar kwyt, nei in oanfarring mei Grou. "Ik makke in ferkearde manoeuvre", fertelt Visser. "Dêrby rekken we it skûtsje fan Grou. It helmhout is doe yn twaen spatten. Dy roerhakke sit der los op, mei twa pinnen. In bemanningslid fan Grou hat 'm noch wol driuwen sjoen en nei minsken roppen om it út it wetter te heljen, mar sa hurd koene se net by de roerhakke komme."
Op de bylden fan de start is de oanfarring tusken Snits en Grou net hiel dúdlik te sjen, it wie achter de oare skippen:
FINALE SKS 2019 - FIDEO 1