Frisian Angus winkel Eanjum al hast troch de foarried hinne

It begûn as hobby, mar no binne se hast troch de foarried hinne. Folkert van der Zee en syn soan Gerlof fan Eanjum ferkeapje sûnt juny it fleis fan harren Frisian Angus kij yn in buorkerijwinkel.
Frisian Angus winkel Eanjum
De buorkerij bestiet noch mar fjouwer jier en no al binne fan 15 nei 130 kij gong. "Ik fyn se gewoan moai. It binne prachtige bisten en ik ha der aardichheid oan", seit feehâlder Folkert van der Zee.
Hy ferboude earst altyd ierappels en sûkerbiten, dus dit wie wol even wennen foar him. Mar oant no ta is sa'n grut sukses dat de foarried yn de friezer hast op is.
© Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Bauke Deelstra dûkt de friezer yn
Yn de earste moannen dat se iepen binne sjocht Folkert foaral minsken út doarpen yn de omkriten fan Eanjum en toeristen yn de winkel. Se fine it ferhaal efter it fleis tige wichtich. "Wy brûke gjin krêftfoer, of mais. Se ite allinnich mar gers", fertelt Van der Zee. Allinnich as der net genôch gers is yn de winter gean de kij op stâl.
© Omrop Fryslân
Mei Folkert van der Zee tusken de kij