Nederlânske follyballers gripe njonken kwalifikaasje Olympyske Spelen

De Nederlânske follyballers, mei Gijs van Solkema fan Snits yn de basis, hawwe snein op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Rotterdam ferlern. De Feriene Steaten wiene yn fjouwer sets te sterk foar Oranje. It team fan bûnscoach Roberto Piazza mist dêrtroch de kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen fan Tokio.
© ANP
De setstannen yn Rotterdam wiene 25-18, 25-20, 17-25 en 25-21. Nederlân kaam yn alle fjouwer sets op foarsprong, mar koe allinne de tredde binnen helje.
Oranje krijt yn jannewaris noch in nije kâns om him dochs noch foar de Olympyske Spelen te pleatsen.