FIDEO: Wyn spulbrekker foar IFKS skûtsjesilen op de Iselmar

De wyn is de grutte spulbrekker foar it IFKS skûtsjesilen. Sile op de Iselmar sit der dit wykein net yn. Freed makke de organisaasje al bekend dat de wedstriid sneon by Hylpen net trochgean koe. Snein binne de wedstriden ferpleatst fan it iepen wetter by Starum nei it binnenwetter fan de Fluezen.
Skûtsjeblok IFKS sneon
Yn 'Skûtsjesilen 2019' fertelt foarsitter fan de IFKS, Sicko Heldoorn, hoe hektysk dit wykein foar syn organisaasje is. We binne te gast by de regearjend kampioen, skipper Geale Tadema fan It Doarp Eastermar. HY wit noch net oft syn suksesfolle adviseur, Tammo Oosterhof, ek dit jier wer by him efterop it skûtsje sit. En jubilearjend skipper Sikke Heerschop sylt al 30 jier mei syn frou op it skûtsje yn de IFKS-float.