Wurk oan wittenskiplike biografy Tony Feitsma begûn

It Feitsma Fûns is begûn mei it meitsjen fan in wittenskiplike biografy fan Tony Feitsma. It wurk sil gean oer it libben en it wurk fan Feitsma, yn relaasje ta de Fryske taal en identiteit fan hjoed-de-dei.
Tony Feitsma © Fûûns fwar it Frysk
De biografy wurdt makke mei help fan histoarysk sintrum Tresoar en de Fryske Akademy. Hoewol't it projekt no los is, is de finansiering noch net hielendal rûn. Der is neffens it fûns yn totaal 171.000 euro nedich foar de biografy; dêrfan moat der noch 28.000 euro fûn wurde.
It Feitsma Fûns hat der betrouwen yn dat de lêste sinten der komme en wol de biografy foar de ein fan 2020 klear hawwe.
Feitsma (1928-2009) kaam op foar de posysje fan de Fryske taal en skreau meardere wittenskiplike publikaasjes.