Ynternasjonaal kongres oer sâlte lânbou yn Ljouwert

Goed twahûndert saakkundigen komme yn septimber nei Ljouwert foar in ynternasjonaal kongres oer 'fersilting' yn de lânbou. It is foar it earst dat saakkundigen by elkoar komme om te praten oer it sâlter wurden fan de grûn yn lannen om de Waadsee en Noardsee hinne.
© Omrop Fryslân
De Saline Futures Conference rjochtet him op sâlte lânbou, as oanpassing oan dizze klimaatferoaring. Lannen yn oare parten fan de wrâld ha dêr al langer mei te krijen. Eksperts út ûnder oare Australië, Bangladesj en Senegal komme dêrom nei Ljouwert om har ûnderfinings te dielen.
Oarsaak fan it sâlter wurden is it heger wurden fan de seespegel, de boaiemdelgong en de perioaden fan drûchte dy't hieltiten faker foarkomme.