Fryslân Fêstlein: "Wy mochten foar ús fakânsje gewoan net de Fryske grins oer"

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear binne wy op besite by de famylje Krijgsman, dy't in horrorstart fan harren fakânsje belibben.
Fryslan Festlein diel 11 autopech

Utlit derûnderwei

De fakânsje fan de famylje Krijgsman hie in horrorstart. "We wiene by de grins fan Fryslân en doe gong alles ferkeard, sa kinst it wol stelle", fertelt Marijke fol ûnleauwe. "We rieden op de sneldyk en hearden ynienen in tikjend lûd. Bliek dus dat de útlit ûnder de camper weifallen wie," wiist se oan. "Hy lei hielendal op 'e dyk."

Rêding op 'e camping

Se rekke wol efkes yn panyk. "Ik ha myn twa bern, Mara en Melissa, ek yn 'e camper. We binne doe foarsichtich trochriden nei de camping yn Lauwerseach. Dêr wie gelokkich ien dy't ús helpe koe. Dy hat de útlit mei spanbannen oaninoar set en wy hawwe in ôfspraak makke by de garaazje."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Bliek dus dat de útlit ûnder de camper fuortfallen wie.
Marijke Krijgsman

Nei de garaazje

No stiet de famylje dus by de garaazje. "Ja dat is wol efkes in soer begjin fan 'e fakânsje," seit dochter Mara fan 8. "Wy hawwe ús wol efkes fermakke mei it fytsen en oare dinkjes, mar hoopje dat we de fakânsje noch trochsette kinne."
De garaazjehâlder is posityf. "Ja, dat moat wol slagje hear," seit er mei in glimk. "Ik sil der efkes in nije útlit ûnder dwaan en dan kinne de 'Trije Musketiers' wer fuort."
Marijke Krijgsman

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.