Strjitten yn Snits besiedde mei ballonnen, boargemaster wol lanlik gniisgasferbod

"In lanlik ferbod op gniisgas. Dat is it meast heldere datst dwaan kinst", seit boargemaster Jannewietske de Vries fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dizze dagen lizze de strjitten fan Snits besiedde mei ballonnen. De gemeente kin der net folle oan dwaan.
© Omrop Fryslân
"Salang't der gjin ferbod is, dogge wy wat wy kinne", seit De Vries. "Dat is hanthavenje op ferkeap op strjitte."
"Gjin warskôging, mar fuortendaliks in bekeuring", seit se. Dat is de wize hoe't de gemeente op dit stuit kontrôle besiket te hâlden op it gebrûk fan gniisgas. Mar it ferbieden fan de ferkeap yn de hoareka of fan jongerein oaninoar kinst as gemeente net dwaan.
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân oer gniisgasferbod
De gemeente hâldt de ynsidinten wol goed yn de gaten en der komme net in soad meldingen binnen. "Mar it is in hiel ferfelend gesicht ast minsken yninoar sakjen sjocht. Wêr't minsken om tinke moatte, is de kombinaasje fan gniisgas en alkohol", seit De Vries. Dêrom warskôgje se op sosjale media en yn de lokale kranten wat de gefaren binne.
It gniisgas soarget foar twaspjalt by de hoareka, de befeiliging en de gemeente.
Lachgasgebrûk Snitswike