Ferdieldheid oer ferkeap en brûken fan gniisgas yn Snitswike

Gniisgas mei net op strjitte ferkocht wurde, mar de strjitten yn Snits lizze wol fol mei ballontsjes. It soarget foar twaspjalt by de hoareka, de befeiliging en de gemeente.
Lachgasgebrûk Snitswike
De ferdieldheid komt omdat in oantal hoarekagelegenheden gniisgas binnendoar ferkeapje en de jongerein ûnderinoar ek ballonnen ferkeapet. Befeiligers sjogge benammen gefaren by it brûken fan gniisgas op drokke pleinen, mar de gemeente kin it net ferbiede.
Minsken kinne út de tiid reitsje. Juster ha wy dat ek hân. Se wurde fertrape en wy sjogge se net lizzen as se op de grûn lizze.
Johan Peperkamp fan BS Beveiliging
"Der binne safolle minsken hjir. Jo kinne it gewoan net alles yn de gaten hâlde", fertelt Johan Peperkamp fan BS Beveiliging. Hy wol graach dat it gniisgas ferbean wurdt, want it jout in soad ellende, seit er. "Minsken kinne út de tiid reitsje. Juster ha wy dat ek hân. Se wurde fertrape en wy sjogge se net lizzen as se op de grûn lizzen."
Johan Peperkamp fan de befeiliging oer hoe't se omgean mei gniisgas
© Omrop Fryslân
Nettsjinsteande wat de befeiligers sjogge, falt it tal meldingen fan drank- en drugsgebrûk by de húsdokterpost en it Antoniussikehûs yn Snits ta. Oant no ta is ien persoan binnenkaam dy't gniisgas brûkt hie. Mar oft der in kombinaasje mei alkohol wie en hoefolle gniisgas oft dy persoan brûkt hie, is net dúdlik.
Undernimmer Wouter van Dort is ien fan de ûndernimmers dy't gniisgas ferkeapet. "Wij zagen een gat in de markt", fertelt er. "Op een zaterdagavond hebben we minimaal duizend klanten." Van Dort wit fan de soargen dy't minsken hawwe, mar sjocht dêr sels oars nei. "Ik denk dat hetzelfde geldt voor alcohol. Als je er te veel van gebruikt, is het niet goed voor je lichaam. Neem je alles met mate, dan kan het geen blijvende schade of problemen geven."
Undernimmer Wouter van Dort oer it ferkeapjen fan gniisgas
Ballon mei gniisgas wurdt ferkocht yn kafee Mango © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Net alle ûndernimmers binne it iens mei de ferkeap fan de ballonnen. Sa sjocht hoareka-ûndernimmer Rick van der Zee foaral de gefaren fan it gebrûk by jongerein. "Bij mij in de tent wordt het niet gebruikt. Ik ben er zelf zwaar op tegen. Het kan gewoon niet goed zijn dat mensen zuurstof aan hun hersenen onttrekken."
Van der Zee sjocht ek dat jongerein gniisgas oaninoar ferkeapje. "Ik zie mensen lopen met rugzakken met lachgascilinders erin. En er lopen hier genoeg mensen met tien ballonnen in de hand voor de handel."
Undernimmer Rick van der Zee oer hoe't hy tinkt oer in gniisgasferbod
© Omrop Fryslân
Op in steger oan de râne fan de binnenstêd fan Snits sit in groepke jongerein mei in flesse gniisgas. "Dêr kinne sa'n twahûndert ballontsjes fan folle wurde", fertelt ien. Yn de stêd kostet in ballontsje al gau 2,50 oant 3 euro en dat is harren te djoer. "We hawwe de flesse al hast leech". Wol is de jongerein op de hichte fan de gefolgen.
Jongeren dy't omskriuwe hoe't gniisgas fielt en de gefolgen dêrfan
© Omrop Fryslân
Net alle jongeren binne sljocht op de ballonnen. "Ik vind het echt verschrikkelijk. Het is algemeen bekend dat het slecht voor je is en dat je even geen zuurstof in je hersenen krijgt", fertelt in jonge op strjitte. Hy hat noch nea in ballon hân, mar komt eefkes letter werom mei in ballon om it te besykjen.
De ûnderfining fan in jonge dy't foar de earste kear in gniisgasballon brûkt
"Het voegt niks toe", seit er. "Het was het echt niet waard."