Geert fileart: ​​​​​​​De straf fan Daniël

De bizarre PC lei noch mar amper efter ús of der wie al wer in nije kwestje. De kwestje Daniël Iseger. Sille jim sizze: Dy hawwe wy yn it begjin fan it seizoen dochs al hân. Ja, nee, dit is wer in nije kwestje Daniël.
© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
Komt wol fuort út dy earste kwestje, want doe krige Daniël trije wedstriden skorsing omdat hy yn Weidum keatst hie foar Huzum, wylst hy dat postkoademjittich dwaan moatten hie foar Goutum. Hiel gedoch west, mar lang om let besliste ek de beropskommisje (útspraak 25 juny, ferstjoerd oan Iseger op 26 juny) dat hy trije wedstriden net keatse mocht. Helder.
En dan komt op 7 july de frije formaasjepartij foar haadklassers yn Huzum. Ja, hoe is it mooglik: yn Huzum. Sjoerd de Jong falt yn de earste omloop út en de blikken geane nei Daniël: "Wolsto ynfalle?" De leafhawwer yn Daniël wurdt wekker. Hy docht in grien wedstriidshirt oan en keatst de partij mei út. Wol ferlern, mar goed: toch wer in pear kollega's holpen.
Dat fielt goed. Mar dan komt it besef... Ek by Daniël. Mocht hy wol keatse? Hy wie dochs skorst? Jawis, sa is it. Daniël realisearret him dat hy fout sit en siket stipe. Sjocht om him hinne en sjocht haadbestjoerslid Johannes Siegersma stean. Hy bepraat it mei Siegersma. Dy sprekt gerêststellende wurden yn de sfear fan 'mar heale partij keatst, neat wûn, stjoer in mail mei dyn ekskús nei it bûnsburo en it sil allegear wol wat tafalle'.
Daniël, ferromme troch dizze wurden, folget de ried fan Siegersma op. Lykwols wurdt hy (wer) op rapport slingere en op 30 july behannelet de strafkommisje dizze kwestje. Mei as útkomst in útspraak dy't net foar de poes is: fiif wedstriden skorsing! Asof je in amer leech smite.
De strafkommisje is unanym yn de útspraak, mei as kearnpunt dat Daniël in útspraak fan de beropskommisje negeard hat en dat wurdt him swier oanrekkene. Op 1 augustus krijt Daniël de útspraak fan de strafkommisje en hy is ferbjustere. Fiif wedstriden: it seizoen sit der op dizze manier sawat op.
Hy beslút syn argewaasje te dielen op it nasjonale roeptoeterfenomeen Facebook. "ONVOORSTELBAAR: Na een partuur in nood geholpen te hebben (weliswaar één wedstrijd te vroeg, omdat ik nog geschorst was en niet goed heb opgelet), krijg ik voor deze actie nu 5 wedstrijden schorsing!!! Knkb bedankt."
No, by sokke berjochten dan witte je it wol. Roeptoetertje Facebook ûntploft sa'n bytsje. Daniël krijt fan alle minsken dy't reagearje folsleine stipe. De iene mei wat mear nuânse as de oare, guon reedlik fanút de ratio, mar ek in protte yn de sfear fan 'klap der op en smoar de KNKB'. It hiele arsenaal Facebookreaksjes giet iepen. Fragen wurde der net steld. Der wurde mieningen ferkundige en stipe oan Daniël útdield.
Dat sil bêst lekker fiele foar it slachtoffer, mar by my 'skuorret' it dochs wat. Omdat ik de sin fan sa'n Facebookberjocht net begryp. Wat is dat dochs foar fenomeen: likes krije en stipe fan dizze en jinge, mar wat sjitte je der mei op? No ja, it sil wol goed foar it ego wêze. Ik haw sels ea in kear myn gram helle fia Facebook en it hat my leard: noait wer, want it jout je gjin bliksem. Mar goed, dat moat elts foar him sels ek mar witte.
Wat my dus it measte dwers sit, is dat der net ien is dy't in fraach stelt. Der wurdt gewoan sympaty utere op basis fan ien kant fan it ferhaal. Dat mei en dat kin allegear op roeptoertertje Facebook. No wurkje ik yn in sjoernalistike omjouwing, dus ik haw mar ris belle mei de strafkommisje.
Dy seit ornaris net safolle oer strafsaken (wêrom net trouwens?), mar dizze kear krige ik antwurd op myn fragen. It betreffende kommisjelid woe wol anonym bliuwe. Dat respektearje ik.
En doe die bliken dat yn de útspraak fan de beropskommisje eksakt oanjûn wie op hokker dagen Daniël skorst wie. Op sneon 29, snein 30 juny en op snein 7 july. Wêrom net op sneon 6 july? Omdat der doe gjin wedstriid wie dêr't Daniël oan mei dwaan mocht.
In útspraak dy't oan dúdlikheid en helderheid neat te winskjen oer lit, soenen je sizze. Dus Daniël moat witten hawwe dat hy op 7 july op de haadklassepartij fan Huzum noch skorst wie. As je de datums en dagen derby krije, dan kinne je dat net ferjitte, soenen je sizze. Mar miskien hat de leafhawwer yn him it wûn fan it heldere ferstân.
Wa sil it sizze. Hy hat keatst, realisearret him dat hy fout west hat en komt út by in haadbestjoerslid fan de KNKB. Dy't opfleurjende teksten seit en dêrmei (ûnterjocht) ferwachtings wekt by de keatser. Dêr woe it strafkommisjelid ek noch wol wat oer sizze, want de kommisje fynt dat dit HB-lid op in ferkearde stoel sitten gien is. "Hy rint ús mei dizze teksten behoarlik foar de fuotten", sa sei it strafkommisjelid. "Dit sil op de jierlikse evaluaasje grif op tafel komme". Sterkte Siegersma!
Hoe dan ek: it leit dus wat nuânsearder allegear. Daniël wist eksakt de datums dat hy skorst wie. Mar de kwestje hat fansels ek in oare kant. Je kinne yn de lytse keatswrâld ek efkes nei de persoan sjen. En dan treffe wy yn dit gefal in keatser dy't (sels troch de strafkommisje) betitele wurdt as in noflike jonge, in boechbyld foar it keatsen, mei in prachtige karriêre. Yn al dy jierren noait wat mei west. Dy oerwaging soenen je meinimme kinne by de bepaling fan de strafmaat.
Dat soks net bard is, fyn ik spitich. Wat ik fan de straf fyn? Bûtenproposjoneel! Dit is te bot.
Dus moat Daniël (wer) yn berop gean. Dêr woe hy earst neat fan witte ('wol neat mear mei de KNKB te meitsjen hawwe'), mar ûndertusken tinkt hy der oars oer. Ferstannich! Kop der efkes by hâlde no Daniël. Hast de sympaty fan it publyk, no noch dy fan de beropskommisje. Saken efkes goed formulearje. Gebrûk meitsje fan dyn sprekrjocht by de beropskommisje. Byneed wat juridysk advys ynwinne. By keatsferiening OG Huzum witte se fêst noch wol in goeie advokaat foar dy.
En wa wit sil oan de ein fan dizze kwestje de reedlikheid oerwinne. Want sa moatte wy yn ús lytse keatswrâldsje eins net mei elkoar omgean.