Hôf Ljouwert: ek yn selsridende auto meist gjin telefoan fêsthâlde

Ek yn in selsridende auto meist gjin telefoan fêsthâlde. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert woansdei bepaald. De saak waard oanspand troch Vincent Everts, dy't yn 2017 twa boetes krige foar it gebrûk fan syn mobile telefoan yn in selsridende Tesla. Hy fynt dat er wetlik sjoen net de bestjoerder is, om't de autopilot it bestjoeren fan de auto oernimt.
© ANP Foto
Neffens it hôf is dejinge dy't de autopilot bestjoert wol deeglik de bestjoerder. Dat wie ek al de konklúzje fan de kantonrjochter yn novimber ferline jier. Nei dy útspraak besleat Everts mei advokaat Tjalling van der Goot om yn heger berop te gean.
Neffens Van der Goot jildt yn in selsridende auto deselde regel as foar in rydynstrukteur fan in lesskoalle. Dy mei ek in telefoan fêsthâlde, om't er net sels rydt. Dêr giet it hôf dus net yn mei.