Waskline op Ofslútdyk moat bernemishanneling besprekber meitsje

Der binne plannen foar in enoarme waskline op de Ofslútdyk. It giet om in plan fan de stichting Praat, dy't bernemishanneling besprekber meitsje wol. De waskline moat like lang wurde as de Ofslútdyk sels.
Wask © Shutterstock.com
"Qua wasgoed is het niet onmogelijk. We hebben 69.000 stukken wasgoed nodig, die beschreven zijn door mensen die zelf als kind zijn mishandeld. Dat aantal halen we gemakkelijk. Er worden in Nederland jaarlijks 119.000 kinderen mishandeld", fertelt Ted Kloosterboer fan Praat.
It giet foarearst om in plan. Neist it jild moatte ek noch de fergunnings en middels regele wurde. It doel is dat de waskline yn der 2023 hinget. "Binnenkort gaat we om tafel met Rijkswaterstaat, de provincie en de gemeentes die hiermee te maken hebben."

2023

Praat krijt help fan hys- en transportbedriuw Mammoet. "Zij zijn aan het kijken hoe we dat technisch kunnen realiseren, zonder de Afsluitdijk te verzwakken of beschadigen. Hoe we dat precies gaan doen, weten we nog niet. Als dat helder is, gaan we kijken of het mogelijk is."
Reden dat der foar 2023 keazen wurdt, is dat de Ofslútdyk dan wer iepen is en dat Praat dan tsien jier bestiet. De stichting hie it plan al doe't Praat oprjochte waard.

Vuile Was Manifestaties

De stichting wol de Ofslútdyk brûke, omdat dy symboal stiet foar beskerming. De stichting wol der - letterlik - de smoarge wask bûten hingje. "Dat doen we nu al tijdens Vuile Was Manifestaties. Dan delen we op straat onze eigen ervaringsverhalen. Ook vragen we of mensen hun eigen verhaal willen delen en op een stuk willen schrijven. En zo buiten willen hangen."
Ted Kloosterboer fan de stichting Praat