Houtûndersiker yn noed oer fertutearzjen âldste Fryske skuorre út 1595

Yn 2015 waard de âldste skuorre fan it Noardseegebiet ûntdutsen yn Reahûs: dêr stiet in skuorre mei in byntwurk út it jier 1595. De fynst waard dien troch ûndersiker Paul Borghaerts, spesjalisearre op it mêd fan houtdatearring en oprjochter fan Stichting Historisch Bouwhout Fryslân. In tige bysûndere ûntdekking, mar neffens de ûndersiker stiet de skuorre oan de Sânleansterdyk op it stuit te fertutearzjen.
Reahûs
De skuorre hat gjin monumintestatus, net as Ryksmonumint en net as gemeentlik monumint fan Súdwest-Fryslân. Nei de needgjalp fan Borghaerts op Twitter binne der ferskate minsken dy't sizze dat de skuorre wol in monumint wurde moat.

Moat it in monumint wurde?

Undersiker Borghaerts freget him ôf oft in stichting net in effektive wize fersoargje kin om yn te stean foar de ynstânhâlding fan de skuorre. Neffens Borghaerts is eigener Van der Hoff goedwillich, mar de skuorre hat net folle nut mear yn de hjoeddeistige bedriuwsfiering en wurdt eins as in finansjele lêst sjoen. Dêrom soe it benammen sykjen wêze nei in passende foarm.

Grutte histoaryske wearde

Oant de ûntdekking waard oannaam dat in pleats út 1610 yn Grinslân de âldste oerbleaune buorkerij wie fan it Noardseegebiet tusken Frankryk en East-Dútslân, mar de skuorre yn Reahûs brocht dêr feroaring yn. It dekbalke-bynt en it ûnderste part fan it steapelde spant binne fan ikehout. Om it jier 1600 hinne stapte men oer fan ikehout op grenenhout, dat joech al oan dat de skuorre fan foar 1600 wêze moast. It is dus in buorkerij fan grutte histoaryske wearde.
Ferslachjouwer René Koster praat mei ûndersiker Paul Borghaerts
De skuorre fan 1595 yn Reahûs © Omrop Fryslân